De Fokker D. XXIII

De Fokker D.XXIII wie in Nederlânske iensits jachtfleanmasine ûntwurpen en boud troch Fokker. Der wie allinne in prototype fan boud by de ynfal fan de Dútsers yn maaie 1940.

Untwikkeling

De Fokker D.XXIII wie ûntwurpen as in twa-motorige, iensits iendekker mei in dûbele sturt oan sturtbeammen. De piloat siet yn in sletten cockpit tusken in lûkende en in triuwende motor en it tastel hie in trijepunts-lâningsgestel dat ynlutsen wurde koe.

It prototype fleach foar it earst op 30 maaie 1939 mei Gerben Sonderman als testpiloat, tarisd mei twa Walter Sagitta I-SR floeistof-kuolle motors mei sylinders yn V-stân. De proefflechten lieten kuolproblemen fan de efterste motor sjen en de prestaasjes yn it generaal foelen wat ôf. Wol foel de maksimum faasje fan it tastel foar dy tiid net ôf. Der waard útsteld om Rolls-Royce of Daimler-Benz motors ta te passen by de produksjefleanmasines. Teffens ûndersocht Fokker oft der in sjitstoel ynboud wurde koe, omdat de fleander yn de efterste propeller telâne komme soe at er by need de cockpit ferlitte moast.

It wie dien mei it D.XXIII-programma doe't de Dútsers Nederlân oermasteren yn maaie 1940.

Spesifikaasjes

Algemien
Motor
Prestaasjes
Bewapening

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • The Illustrated Encyclopedia of Aircraft (Part Work 1982-1985)