In houtfykwurk út Nepal yn it Musée de l'Éroticisme yn Parys. Erotyk of pornografy?

Erotyk is in foarm fan seksualiteit wêrby't de klam net drekt op it geslachtsferkear leit, mar mear op 'e gefoelens dêromhinne, en benammen op it opbouwen fan 'e langst nei geslachtsmienskip. It wurd "erotyk" is ôflaat fan Eros, de namme fan 'e Grykske god fan 'e leafde. It waard as begryp yn it moderne spraakgebrûk yntrodusearre troch de Eastenrykske psycholooch Sigmund Freud, dy't dizze oantsjutting betocht as namme foar syn idee fan sublimearre seksualiteit.

Foarmen

Erotyk kin him op ferskate manearen uterje, bygelyks troch:

Opfettings

De grins tusken wat noch erotyk is, en wat heart ta de wiere seksualiteit, is tige ûndúdlik, en sadwaande folslein bûn oan persoanlike opfettings. Wat foar de iene noch "ûnskuldige" erotyk is, kin foar in oar al in pornografysk karakter hawwe. Ek histoarysk ferskilden de opfettings oer erotyk tusken de ûnderskate tiidrekken tige by tige. Sa waard yn 'e Fiktoriaanske Tiid, doe't froulju tige keken klaaid wiene en lange rokken droegen, in ûntbleate ankel fan in frou troch manlju al as tige opwinend beskôge, wylst manlju dêr hjoed de dei yn oergrutte mearderheid de skouders oer ophelje sille.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.