De buorren fan Eemdijk (2009)
Pontsje oer de Eem nei Eemdijk (2009)

Eemdijk is in dykdoarpke oan de rivier de Eem yn de gemeente Bunschoten leit. It doarp hat likernôch 800 ynwenners.

Doarp

Eemdijk is ûntstien yn de 15e iuw as Dykhuzen, nei de oanlis fan de seedyk, dy't de Fean- en Fjildendyk hjit. Eemdijk is in dykdoarp mei amper ekonomyske aktiviteit. Yn it doarp rint de Bikkersfeart út yn de Eem. Dy feart is yn 1641 groeven as farferbining mei Bunschoten. De buorren fan Eemdijk hiet eartiids 'It Haventsje' of de 'Bikkershaven'. It hjoeddeiske doarp is, útsein de dykbebouwing fan Dykhuzen, hast hielendal boud yn de tritiger jierren fan de 20e iuw.

Pontsje

It doarp hat in pontsje. By dit pontsje nom Drs. P yn 1973 it filmke op foar syn liet De veerpont. (De fearpont). As passazjiers op it pontsje farre ek de solisten Daniël Samkalden en Maarten Veerman by it lietsje 'Wij zijn kwaad' (Wy binne lulk) yn Kinderen voor Kinderen 10. It pontsje is al in stik âlder; yn de 19e iuw stie it al op 'e kaart. Yn 1960 krige it oan beide siden fan de Eem in eigen haventsje. De hjoeddeiske pont is yn 1980 yn gebrûk nomd.

Eilân

Dêr't foar Eemdijk oer it pontsje oanleit, leit it no praktysk ûnsichtbere eardere eilantsje 'De Helling'. Sa't de namme al seit waard dat plak brûkt om oan skippen te wurkjen. By leechwetter lieten skippers dêr yn de santjinde en achttjinde iuw harren skip drûchfalle.

Mienskip

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Koos Termorshuizen en Jos Wassink - De Eem, verborgen rivier
52° 15' NB, 5° 20' EL
 
Plakken yn de gemeente Bunschoten
Flagge fan de gemeente Bunschoten
Stêd: Bunschoten
Doarpen : EemdijkSpakenburch
Buorskip: Zevenhuizen