Mansholt waard berne in it Eastfryske part fan it Reiderlân, doe hearrende by it Keninkryk Hannover, as soan fan Ubbo Janssen Mansholt en Teetje Jochums Schmidt.[1] Yn 1866 ferhuze er mei syn âlden nei Eexta yn Grinslân. Trjie jier letter boaske er Aaltje Willems Dijkhuis en setten se útein mei harren eigen pleats yn Meeden. Nei syn naturalisaasje ta Nederlanner waard er lid fan de gemeenteried fan Meeden.
Oars as de measte grutboeren yn Grinslân wie Mansholt gjin liberaal. Hy wie foarstanner fan it algemien kiesrjocht en ûntwikkele him fan radikaal ta meistanner fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Hy stie foar it ôfskaffen fan priveegrûnbesit en wie mei-oprjochter fan de Bûn foar Lânnasjonalisaasje, dochs letter feroare er fan dat stânpunt en wie er gjin foarstanner mear fan lânnasjonalisaasje.
Yn 1874 begûn er te korrespondearjen mei Multatuli. Oanlieding dêrfoar wie in ynstjoerd stik fan Mansholt yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant oer de Atjehkriich.[2]
Hoewol't er polityk warber wie, wie Mansholt boppe alles boer. Hy wie autodidakt en socht hieltyd nei mooglikheden en ferheegje de produksje. Hy wie lid fan de Groninger Maatschappij van Landbouw en mei-oprjochter fan it Nederlandsch Landbouw Comité. Yn 1882 kocht er de pleats Torum. Syn broer, Jochem Helmers Mansholt, begûn in feredelingsbedriuw op Fletum, dat hjoed-de-dei noch hieltyd bestiet.[3]
Hy wie in stikmannich kear kandidaat foar de Keamerferkiezings, mar waard net ienris keazen.[4][5]
Hy ferstoar op 1 augustus1921 yn Grins dêr't hy en syn frou sûnt 1906 wennen.[6] Mansholt krige seis bern. Twa fan syn bern, soan Lambertus Helbrig Mansholt en dochter Theda Mansholt, hawwe bliuwende spoaren efterlitten. De meast ferneamde neikomling is lykwols syn pakesizzer Sicco, soan fan Lambertus.[7]
Mansholt skaakte sûnt syn bernetiid mei syn broer. Hy wie de oprjochter fan de doarpsferienings Anderssen yn Meeden (1879) en De Marne yn Ulrum (1883). Mei Multatuli allyk mei Multatuli syn frou, spile er korrespondinsjeskaken.[8][9] Yn 1906 waard er lid fan skaakselskip S.G. Staunton yn Grins.[10] Dêr waard er yn 1908 oer Jan Frederik Heemskerk ferkeazen ta foarsitter, in funksje dy't er oant 1913 hie. Hy bleau oant syn ferstjerren lid fan de feriening.[11]