De Fuortgong | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Birds of Passage | |
auteur | Henry Wadsworth Longfellow | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1845 | |
bondel | Birds of Passage | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fuortgong | |
publikaasje | >2000 (?) sjoch hjirre) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Fuortgong, yn it oarspronklike Ingelsk: Birds of Passage, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaanske dichter, skriuwer, oersetter en heechlearaar Henry Wadsworth Longfellow (1807-1982). It bestiet út tsien fjouwerregelige kûpletten en beskriuwt in flecht trekfûgels, mar giet eins oer de sielen fan 'e ferstoarnen en hoe't dichters en de wurden dy't hja brûke de gefoelens fan 'e wrâld ferwurdzje. Birds of Passage waard foar it earst publisearre yn 'e dichtbondel Birds of Passage, dy't dernei neamd wie, út 1845. It is yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Yn De Fuortgong beskriuwt de dichter in stille, heldere nacht, as der boppe him yn 'e fan 'e stjerren ferljochte himel in flecht trekfûgels (Ingelsk: birds of passage) foarby komt. Hoewol't er se net sjen kin, heart er se nammenste better. Mar hy wit lykwols dat it gjin fûgels binne dy't dêr boppe him fleane, mar sielen dy't nei in better plak ferfarre, wylst de lûden dy't er heart it núnderjen binne fan nocht, pine en ûnrjocht, allyk de wjukte wurden fan swietlûdige dichters.
De opbou fan it gedicht is ienfâldich, mei in rymskema a-a-a-b c-c-c-b, dat maklik fan 'e tonge ôf rôlet. Kontemporêne kritisy ferwieten Longfellow gauris dat er wat de foarm fan syn wurk oanbelange, de foarkar fan syn lêzers swierder weagje liet as it ideaal fan 'e dichtkeunst. Yn Birds of Passage is goed te sjen wat se dêrmei bedoelden, oft men it no mei harren iens is of net. It rym is simpel, de sinnen koart, en de wurdskat befettet gjin inkeld wurd dêr't in njoggentjinde-iuwske Amerikaanske lêzer in wurdboek foar brek wie.
Birds of Passage waard ûnder titel De Fuortgong yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Bruinsma syn oersetting fan Birds of Passage is op 'e noed fan Tresoar. Ut it lemma yn it digitale argyf fan Tresoar, dêr't De Fuortgong op ien bulte smiten wurdt mei guon oare fertalings fan Bruinsma, kin net opmakke wurde oft it ek publisearre is. Likemin wurdt der in datum neamd, behalven dan dat it fan nei 2000 is ("20XX").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|