De Brulloft fan it Laam | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ter Zelver Bruiloft | |
auteur | Joost van den Vondel | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
skreaun | 1674 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Brulloft fan it Laam | |
publikaasje | 1983, yn Trijeresom | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Brulloft fan it Laam, yn it oarspronklike Nederlânsk: Ter Zelver Bruiloft, is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Nederlânske dichter en toanielskriuwer Joost van den Vondel (1587-1679). It is in koart dichtwurk dat bestiet út fiif fjouwerregelige kûpletten mei it ienfâldige rymskema a-a-b-b, dat yn 1674 skreaun is yn in ier Nijnederlânsk fokabulêre dat, ôfsjoen fan 'e eksintrike stavering, net bjuster ôfwykt fan modern taalgebrûk; it is yn elts gefal noch goed nei te kommen. Ter Zelver Bruiloft is net, sa't it op it earste each liket, in gelegenheidsfers dat foar de brulloft fan in beskaat pear skreaun is, mar is ynstee in útnûging oan 'e roomske leauwenden ta de eucharisty, om it Hillich Sakramint (de hosty) te ûntfangen, en de geastlike brulloft fan it Laam Gods (Jezus Kristus) mei de Memmetsjerke te fieren. De Fryske oersetting fan Ter Zelver Bruiloft ferskynde yn 1983 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma.
Ter Zelver Bruiloft waard ûnder de titel De Brulloft fan it Laam yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't dy fertaling yn 1983 publisearre yn it jannewarisnûmer fan it tsjerkebledsje Trijeresom fan 'e herfoarme gemeenten fan De Rottefalle, Drachtster Kompenije en Boarnburgum-Koartehimmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
sekundêre boarnen: |