Bearen
In kraachbear of Aziatyske swarte beer.
In kraachbear of Aziatyske swarte beer.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: beardieren (Ursoidea)
famylje: bearen (Ursidae)
Fischer von Waldheim, 1817

De bearen (Latynske namme: Ursidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), dêr't û.o. de yn Jeropa foarkommende brune bear ta heart. De famylje omfettet acht ûnderskate soarten yn fiif taksonomyske skaaien, dy't útinoar rinne fan 'e folslein fegetaryske reuzepanda, dy't suver neat oars as bamboe fret, oant de hast útslutend fleisitende iisbear, dy't grutdiels fan seehûnen libbet.

Hoewol't de earste bearen net tige grut wiene, hawwe se harren meitiid wol ta grutte lichemsomfang ûntwikkele. De iisbear is tsjintwurdich it grutste lânrôfdier dat der bestiet. Bearen kinne oerlibje yn hast alle lânskipstypes, fan bergen oant flakte en fan it tropysk reinwâld oant de poalsee.

Famylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

N.B.: De skaaien fan 'e Maleiske bearen en de lippebearen wurde soms ek wol by de echte bearen yndield.

  • famylje bearen (Ursidae)
    • ûnderfamylje pandadieren (Ailuropodinae)
      • skaai katbearen (Ailurarctos) †
      • skaai panda's (Ailuropoda): 1 soarte
    • ûnderfamylje koartsnútbearen (Tremarctinae)
      • skaai âldere koartsnútbearen (Plionarctos) †
      • skaai brilbearen (Tremarctos): 1 soarte
      • skaai Noardamerikaanske koartsnútbearen (Arctodus) †
      • skaai Súdamerikaanske koartsnútbearen (Arctotherium) †
    • ûnderfamylje echte bearen (Ursinae)
      • tûke echte bearen (Ursini)
        • skaai echte bearen (Ursus): 4 soarten
        • skaai hunichbearen (Helarctos): 1 soarte
        • skaai Yndyske bearen (Indarctos) †
        • skaai lippebearen (Melursus): 1 soarte
      • tûke oerbearen (Ursavini)
        • skaai oerbearen (Ursavus) †
        • skaai soerbearen (Agriotherium) †
  • Boarnen, noaten en referinsjes

    [boarne bewurkje]
    Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.